Narantuya

Album cover art for "Narantuya" by Nynke Laverman

Nynke Laverman - Pop

Narantuya

2 Plays

View ArtistView Album

Lyrics

Har hannen Opdroege mei it waskwetter Seagje beam en streakje skiep Seagje beam en streakje skiep Al jierren jierren s�nt sy faam En klear om blommen �t te tearen Foar de man dy't nimmer kaam Har heupen Brykt�ge op it berchl�n Sitte kruk en ride hynst Sitte kruk en ride hynst Mar de rook fan �lde langst Hinget noch altyd om har hinne As sy fjoer slacht yn 'e kachel Lekkens wasket yn 'e sinne Naraa Har tearen Ynprinte mei it sinneljocht Jouwe skrift oan har gesicht Jouwe skrift oan har gesicht Fertelle frjemden in ferhaal Mar de skrassen op 'e siele Swije yn in eigen taal Op j�nen fan ferjitte Skoot sy oan en kr�pt sy wei Yn 'e waarmte fan de minsken Skinkt en drinkt sy glimkjend mei Naraa Fansels de leafde moat besongen Elts in liet mei l�de stim Wylst de wodka boaiem rekket Brekt ynienen har stille glim Sy stiet op tusken de oaren Skuort de klean �t yn 'e snie En g�lt har liet op tsjin de bergen In wolvinne �nder skiep

Rate this song

Rate this song

0/5.0 - 0 Ratings

5
0.0% (0)
4
0.0% (0)
3
0.0% (0)
2
0.0% (0)
1
0.0% (0)

Loading comments...

Credits

Credits Not Found