Der Wie Ris

Lyrics
Yn oseanen, yn djipste djipten besk�le Binne se te finen Yn oseanen ferriist de flonkerjende wr�ld Fan de Ondinen In keninklik folkje, dat immer libbet Yn folsleine harmonije Want hja hawwe gjin siele dat hja witte net Fan leafde of fan lijen Mar in jonge prinsesse, sy woe witte Sy woe fiele wat it libben die Sy stoarre omheech en dreamde oer dy frjemte D�r 't sy stiloan mei besibbe wie Stil, myn leafste, oer leafde net prate no Oer leafde net prate no Stil, myn leafste, oer leafde net prate no It fjoer yn har eagen trof de kening Hy wist: hy hie ferlern "Gean dan, myn famke, mar betink dy Dat in siele dy swier weagje sil Swier is it langstme, is de leafde; Do draachst har allinne, bern Want nea meist diele mei in minske Wa'sto bist en wa't dy widze, stil." Stil, myn leafste, oer leafde net prate no Oer leafde net prate no Stil, myn leafste, oer leafde net prate no De prinsesse, sy swalke hiel it l�n troch Oant syn blik har befrear Dronken fan leafde, r�deleas fereale En einlings besiele, einlings besiele Mar leafde sa suver ferdraacht gjin geheimen Ferdraacht gjin geheimen Sy woe har w�zen mei him diele Wa't sy wurklik wie net ferswije Stil, myn leafste, dit mearke Is allang gjin mearke mear Foar dy stiet it Ondinebern Oan wa't de see har lessen leart Leaf, sille wy dan sabeare As wiene wy in pear
Rate this song
0/5.0 - 0 Ratings
Loading comments...